Schuil twadde by Dutch Masters

© Omrop Fryslân
De beachvolleyballers Richard Schuil en Reinder Nummerdor binne snein twadde wurden by de Dutch Masters yn Scheveningen. De Ljouwerter volleyballer Schuil en syn maat ferlearen de finale fan Emiel Boersma en Bram Ronnes mei 18-21 en 21-23.
Earder yn it toernoai ferlearen Schuil en Nummerdor ek al fan Boersma en Ronnes yn de tredde ronde. By de froulju wûnen Rebekka Kadijk en Merel Mooren de Dutch Masters.