Goeie simmer foar Open Stal

12 aug 2007 - 17:08

Sa'n 7500 minsken hawwe de ôfrûne wiken de 36ste Open Stal-keunstrûte yn Aldeberkeap besocht. Dat is in rekôr, want ferline jier bleau it besikertal noch stykjen op 6700 minsken. De organisaasje tinkt dat de Open Stal hieltiid bekender wurdt.

By de ôfrûne Open Stal wie keunst te sjen op mear as tweintich lokaasjes yn it doarp. It tema wie dit jier 'Het beest in de kunst'. Takom jier is it tema 'Binnen en buiten'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)