Rutmer v.d. Meer wint Menaam

Rutmer van der Meer (foto: Martin de Jong)
De frije formaasjepartij om de Gouden Willems yn Menaam waard snein wûn troch it partoer Rutmer van der Meer en Jacob en Chris Wassenaar. Se wûnen de finale mei 5-1 en 6-2 fan Klaas Berkepas, Pieter Scharringa en Daniël Iseger. De lytse preemje wie foar Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Douwe Groenendyk.
Chris Wassenaar waard útroppen ta kening. Rutmer van der Meer liedt it punteklassemint fan dit seizoen.