Plysje pakt man op op kamping

12 aug 2007 - 14:42

De plysje hat sneontenacht op kamping de Griene Stjer in Ljouwerter(20) oanhâlden. De man wie dwers yn de kantine fan de kamping. Hy wegere om fuort te gean op fersyk fan in meiwurkster fan de kamping en begûn de meiwurkers te bedriigjen.

De kamping skeakele de plysje yn, dy't de man oanhâlde. De fertochte is meinommen nei it plysjeburo en dêr ynsletten. Der is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)