Oanhâlding nei oanriding Harns

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon in Harnzer(18) oanhâlden, omdat dy mooglik mei opset sin in oare Harnzer(22) oanried. It ûngelok wie op de Grettingaleane. De jonge fan 18 helle de oare Harnzer yn om gelyk dêrnei achterút te riden.
By it ûngelok rekke in frou(21) út Ljouwert ferwûne oan har nekke. Sy waard mei de ambulânse oerrocht nei it sikehûs. De fertochte besocht noch om út te naaien, mar de plysje koe him gau oanhâlde op de Kanaalwei.