Tsead Bruinja nei Masedoanië

12 aug 2007 - 14:15

Frysk dichter Tsead_Bruinja sil ein augustus meidwaan oan de Struga Poetry Evenings yn de Masedoanyske stêd Struga. Bruinja sil dêr fersen foardrage yn it Frysk en Nederlânsk en der binne ek oersettings fan syn wurk yn it Masedoanysk te hearren.

It meidwaan fan Bruinja wurdt mooglik makke troch in bijdrage fan it Nederlands Literair Productie en Vertalingenfonds. Bruinja giet geregeld op toer nei it bûtenlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)