Deade by iensidich autoûngelok

12 aug 2007 - 14:01

By in iensidich auto-ûngelok op de N381 by Aldeholtpea is sneintemoarn in man(34) út Easterwâlde om it libben kommen. De bestjoerder kaam út de rjochting fan Wolvegea. De auto is op in rjocht stik autodyk troch ûnbekende oarsaak tsjin in beam oanriden.

It slachtoffer wie op slach dea. It buro ûngefallenanalyse sil ûndersyk dwaan nei de krekte oarsaak fan it ûngelok. It autowrak is fuorttakele troch in bergingsbedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)