Schur wint yn Burdaard

11 aug 2007 - 22:21

Hurdfytser Ronald Schur wie sneontejûn de rapste fan in kopgroep yn Burdaard. Nei 100 kilometer kaam de Zaandammer krekt earder oer de einstreek as René Hooghiemster fan Oentsjerk en Jorrit Bergsma fan Aldeboarn.

Lieuwe Westra fan Mûnein waard fjirde. Foar Westra wie it in goeie training foar it Nederlânsk kampioenskip tiidriden kommende woansdei yn Zaltbommel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)