Van der Meer-en-dy winne

© Omrop Fryslân
It partoer fan Rutmer van der Meer hat sneon yn Dokkum de útnoegingspartij foar haadklassers wûn.
De finale gie tusken de partoeren fan Rutmer van der Meer, Jacob Wassenaar en Daniël Iseger tsjin Jochum Bouma, Jan Willem van Beem en Taeke Triemstra. It wie in iensidige finale. It partoer Rutmer van der Meer wûn mei 5-0 en 6-4. Opfallend wie dat de winners hjoed net in earst tsjin krigen. Daniël Iseger waard kening.