Oanfal op pealsitrekôr

Oanfal Kollum op pealsitrekôr
Yn Kollum dogge pealsitters op dit stuit in oanfal op it Frysk rekôrd. Dat is yn hannen fan Warns. As de Kollummers de sechtich oeren helje, binne se de nije rekôrdhâlders. Dan moatte se noch sitten bliuwe oant sneontejûn tsien oere.
De rekôrdoanfallers setten mei sân pealsitters út ein. Fan harrem binne no noch fjouwer oer. De Warnzers hawwe ek yn Kollum west om te sjen hoe't de wedstriid ferrint.