Iepen dei SC Hearrenfean

11 aug 2007 - 15:23

De fans wiene sneon op de iepen dei fan SC Hearrenfean bliid dat Afonso Alves werom is op it Fean. De Braziliaan stie freed foar it earst wer op it fjild. Sneon liet er syn keunsten sjen op de iepen dei fan 'e klub.

SC Hearrenfean hâlde foar it earst wer in iepen dei. Dat koe omdat nei twa jier it fernijde, gruttere stadion hielendal klear is. Goed tsientûzen Feanfans kamen op de iepen dei ôf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)