Frachtwein út kanaal takele

11 aug 2007 - 14:51

Bergers hawwe seis oeren dwaande west de frachtweinkombinaasje út it wetter fan 'e Hearesleat by It Hearrenfean te heljen. Om trije oere freedtenacht skeat de sjauffeur mei de kombinaasje troch de fangrail en foel sân meter nei ûnderen it kanaal yn.

De trucker hat inkeld wat skrammen. Hy is troch bewenners fan 'e wenarken ûnder de A7 út it wetter helle. De frachtweinkombinaasje wurdt útinoar helle en ôffierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)