SC Hearrenfean ferliest

SC Hearrenfean hat freedtejûn de oefenwedstriid tsjin it Spaanske Espanyol mei 1-3 ferlern. De Spanjaarden namen earst in 0-2 foarsprong. Dêrnei kaam de ploech fan Gertjan Verbeek wol wer werom yn de wedstriid. Fia Danijel Pranjic waard it 1-2. Mar it lêste wurd wie oan Espanyol, want Corominas bepaalde de einstân op 1-3.
Afonso Alves wie ek yn it stadion. Hy siet op 'e tribune.