Ynset stewards foldocht goed

© Omrop Fryslân
De ynset fan stewards by de slûs fan Koarnwertersân docht fertuten. Sûnt juny begeliede fjouwer minsken fan in útstjoerburo de rekreaasjefeart dy't troch de slûzen wol. Dat skeelt de skippers in soad stress.
De stewards bliuwe oant en mei augustus. Der komt noch in ûndersyk ûnder de wettersporters om te sjen oft de stewards ek takom jier wer ynsetten wurde sille.