Fiif Feansters by Jong Oranje

Calvin Jong-a_Pin: ien fan de Hearrenfeanspilers yn Jong Oranje (foto Martin de Jong)
Bûnscoach Foppe de Haan hat fiif Hearrenfean-spilers opnaam yn de foarriedige seleksje fan Jong Oranje foar in EK-kwalifikaasjewedstriid tsjin Masedoanië. Opfallende namme dêrby is Jeroen Drost. Hy komt werom fan in blessuere.
Ek syn broer Henrico heart by de seleksje. Fierder sitte ek Roy Beerens, Calvin Jong-a-Pin en Gianni Zuiverloon by de seleksje. Jong Oranje spilet op 22 augustus yn Masedoanië.