Rake klappen nei oanriding

© Omrop Fryslân
In man fan 49 jier út Harns is tongersdei mishannele nei in oanriding op de Stadionwei op it Hearrenfean. De man waard fan achteren oanriden troch in man (22) fan it Hearrenfean. Beide bestjoerders stapten út en krigen spul, de freondinne fan de Feanster skold de Harnzer de hûd fol.
De man út Harns krige in klap yn it gesicht wêrtroch syn noas bruts. De Feanster is oanhâlden. Hy is ferbalisearre.