Grutte brân by Hitsum

Fan de skuorre achter it wenhûs bleau neat oer (foto Jaring Rispens)
Der hat freedtemoarn in grutte brân west op in pleats by Hitsum. De skuorre fan de pleats is folslein ôfbaarnd, mar it fee koe allegearre rêden wurden.
De brânwachtkorpsen fan Frjentsjer, Wytmarsum en Makkum wiene manmachtich oanwêzich om de brân te bestriden en it fee te rêden. It wenhûs koe bewarre bliuwe.