Alves krijt boete, mar bliuwt

Dizze fan is grut bliid dat Afonso Alves by Hearrenfean bliuwt
Hearrenfeanspiler Afonso Alves bliuwt by sportclub Hearrenfean. Dat is it resultaat fan in petear tusken de direksje fan Hearrenfean en Alves. Omdat de Braziliaan te let weromkaam is, hat Hearrenfean him wol in boete jûn. It jild foar dy boete giet nei in goed doel. Dêr is Alves mei akkoart gien.
Alves wurdt freed op de club ferwachte. Dan wurdt sjoen hoe fit hy is.