Snitswike lûkt kloften folk

© Omrop Fryslân
De 72ste Snitswike hat dit jier sa'n 150.000 besikers lutsen. Dat binne der tsientûzenen mear as at ferwachte wie. Neffens de organisaasje komt dat troch it moaie waar.
Der diene dit jier 826 boaten mei oan de silerij op de Snitsermar. Yn de binnenstêd wiene alle dagen allegear festiviteiten, sa as live musyk en in grutte kermis. Takom jier wurdt de Snitswike hâlden fan 2 oantemei 7 augustus.