Cambuur mist trije spilers

09 aug 2007 - 16:06

De seleksje fan Cambuur foar de earste kompetysjewedstriid tsjin Dordrecht is hast folslein. Allinnich Koen Brack, Dennis van der Ree en Rene van der Weij binne der net by. Van der Weij komt werom fan in blessuere en de oare beide binne langere tiid blesseare.

Cambuur spilet nei alle gedachten yn de folgjende opstelling: V/d Vlag, Jansen, Hooyboer, Trommel, Katipana, Wegh, Barakat, El Khalifi, v/d Heide, Mboua en Ketting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)