Regts winner IFKS Ychtenbrêge

09 aug 2007 - 15:54

Henk Regts wie de ferrassende winner fan it skûtsjesilen yn Ychtenbrêge. Regts ferlear woansdei noch in protest en stie op in trettjinde plak yn it klassemint. Klassemints- lieder Walter de Vries koe him net mear ynhelje en kaam as twadde oan, folge troch Eelke Dijkstra.

Trije skûtsjes ferlieten de wedstryd. Delmer Los en Jacob Huisman makken flaters en woene in protest foarkomme. By Janny Riemersma bruts in foarstaach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)