Hanssen healjier útskeakele
Hearrenfeanspiler André Hanssen is foar in healjier útskeakele. De Noar hat in blessuere oprûn oan 'e knibbel. Hy hat lêst fan it kraakbeen yn de knibbel.
De middenfjilder wurdt ynkoarten operearre. De blessuere is sels sa slim, dat de kâns oanwêzich is dat hy der foar in langere tiid lêst fan hâldt. Hanssen spilet sûnt 2004 foar sportklup Hearrenfean.