Aris wol middenmoter wurde

© Omrop Fryslân
Basketbalklup Aris moat in stabile middenmoter wurde yn de Nederlânske Earedivyzje. Dat seit Gerrie Melker. Hy is de nije foarsitter fan de Stifting Top Basketbal Friesland fan Aris. Hy folget dêrmei Johan Meijer op, dy't vice-foarsitter wurdt.
Melker is wurksum by PriceWaterhouseCoopers. Syn doel is om mear sponsors by Aris te krijen om sadwaande in gruttere rol te spyljen yn it Nederlânske basketbal.