Utjouwerij KU hâldt op

09 aug 2007 - 13:20

De Koperative Utjouwerij, de KU, hâldt nei 37 jier op te bestean. Dat betsjut de ein fan de iennichste útjouwerij yn Fryslân dy't folslein troch skriuwers droegen wurdt. Thúsbasis is it Wite Boekhús yn Boalsert.

Op 8 septimber is der noch in ledegearkomste, en de leden, oftewol de skriuwers binne de baas. Foarsitter Piter Boersma tinkt dat dan it definitive beslút falt om de KU op te heffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)