Sealen Schaaf yn problemen

09 aug 2007 - 11:56

Muzyksintrum Schaaf yn Ljouwert wurdt mooglik ferkocht en sloopt. Eigners Frans van den Borg en Ton Klein wolle it kompleks kwyt. It kin finansjeel net út en in fallissemint driget sels.

In projektûntwikkelder út Drachten soe ynteressearre wêze, mar de keap leit dreech om't yn Schaaf leechdrompelige kulturele aktiviteiten hâlden wurde moatte. De projektûntwikkelder soe Schaaf slope wolle, om dêr bijgelyks apparteminten te bouwen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)