KWS tefreden oer Snitswike

byld fan de hurdsyldei op de Snitsermar (foto Martin de Jong)
De Keninklike Wettersportferiening Snits sjocht werom op in goede Snitswike. KWS-foarsitter Hugo Snoekc seit dat de organisaasje it frij rêstich hie. Der kamen woansdei sa'n 4000 minsken nei de Hurdsyldei.
Der stie aardich wat wyn wêrtroch der moaie sylwedstriden wiene. Ek koe it fêstleine sylprogramma gewoan útfierd wurde, wylst der by eardere edysje wolris wachte wurde moast op mear wyn en better waar.