Fragen PvdA subsydzjes SNN

26 mrt 2012 - 11:08

De PvdA yn Ljouwert wol opheldering fan it SNN oer de subsydzjes dy't it oan Fryske bedriuwen jûn hat. De partij tsjinnet in saneamd WOB-fersyk yn by it Samenwerkingsverband Noord-Nederland. Ein ferline wike melde de Ljouwerter Krante dat fan de 5 miljoen euro subsydzje de SNN mar 525.000 euro oan Fryske bedriuwen gund hat.

Omdat SNN út himsels gjin ynsjoch jout yn hokker bedriuwen de subsydzje oanfrege en krigen ha, tsjinnet de PvdA yn Ljouwert it WOB-fersyk yn. WOB stiet foar de Wet Openbaarheid van Bestuur.

Njonken de ynformaasje wol de PvdA yn de takomst ek in transparantere proseduere by it jaan fan SNN-subsydzjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)