Edah-meiwurkers op strjitte

© Omrop Fryslân
De 75 meiwurkers fan de Fryske Edah- supermerken komme begjin septimber op strjitte te stean. Yn Fryslân binne noch trije Edah-filialen: yn Ljouwert, Wolvegea en Surhústerfean. Yn elke festiging wurkje sa'n 25 minsken.
Supermerkkonsern Sligro en Sperwer naam ferline jier goed 200 Edah's oer fan Laurus. It slagget net om de lêste 31 dêrfan te ferkeapjen. Der leit wol in goed sosjaal_plan foar it Edah- personeel.