Wâldgieltsje makket comeback

© Omrop Fryslân
Sûnt dizze wike leit it âlde Fryske jirpelras it Wâldgieltsje wer yn de winkel. It giet om in inisjatyf fan de stifting Wrâldfrucht. De stifting wol de kommende tiid besykje om mear produkten út de Wâlden op de merk te bringen.
Earder kaam troch krewearjen fan Wrâldfrucht in tal Waadprodukten op de merk. Dat is in grut sukses. Neffens Wrâldfrucht is it Wâldgieltsje in hiel âld jirpelras.