Ferset tsjin winkel Thalenpark

08 aug 2007 - 16:47

Omwenjenden fan it Thalenpark yn Drachten jouwe har ferset tsjin de komst fan in supermerk net op. Se ha hantekens sammele, brieven skreaun en woansdei ek noch spandoeken ophongen.

Omdat it Raadhusplein yn Drachten renoveard wurdt, moat de Albert Heijn tydlik in oar plak ha. Dat kin lykwols wol fiif jier duorje. De aksjefierders binne benaud foar fersteuring fan de rêst en oerlêst fan ferkear en hingjongeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)