De Vries wint wer IFKS
Foar de twadde kear dit jier hat Walter_de_Vries in IFKS-wedstryd wûn. Op it thúswetter by Sleat sylde de skipper as earste oer de finish. Hjirmei stiet De_Vries noch hieltyd boppe-oan yn it klassemint.
De_Vries waard folge troch Tony_Brundel en Jacob_Huisman. Der binne op it stuit noch trije protesten yn behanneling.