Wommels nei fjirde omloop

Wommels leit op de Freule keatspartij op koers foar in moai einresultaat. De Wommelsers wûnen yn de tredde omloop mei 5-2, 6-4 fan Nijewier/Mitselwier. Yn trije omlopen ha de Wommelsers mar trije earsten fuortjûn.
Ek Berltsum wist him te pleatsen foar de fjirde omloop. It partoer wûn ferrassend fan Boalsert mei 5-3, 6-6. Berltsum komt yn de fjirde omloop Makkum tsjin dat Arum mei 5-0, 6-6 nei hûs ta stjoerde.