Toeristysk plan miniatuerpark

© Omrop Fryslân
Op it plak fan it miniatuerpark yn Appelskea moat wat avontoerliks of aktyfs foar toeristen komme. Dat seit wethâlder Van Weperen fan Eaststellingwerf.
Tiisdei melde Omrop Fryslân dat Eendracht Projectontwikkeling it terrein kocht hat en dat it park ophâldt te bestean. Ferline jier kaam de gemeente al mei in plan om de Boerestreek sa yn te rjochtsen dat it wer in toeristyske trekpleister wurdt.