Favoriten fierder op Freule
Op de earste omloop fan de Freule keatspartij binne gjin ferrassende útslaggen. Partoeren lykas Makkum, Boalsert, Goaiïngea, Grou, Frjentsjer, Wommels, Dronryp en Easterein hellen de twadde omloop. It twatal fan Seisbierrum wist te winnen fan Jorwert.
Grutte favoryt Tsjummearum wûn yn de earste omloop maklik fan Ternaard, mei 5-1, 6-2.