Ynbraak yn wenboat Driezum
Yn Driezum is snein by in wenboat ynbrutsen. De boat leit oan de Petsleat. De 48-jierrige eigner út Tsjummearum ûntduts de ynbraak sneintemiddei.
Saken as dvd's, in televyzje, in bûtenboardmotor en in antike koperen kofjekanne wiene meinaam. Ek de stielen sloep dy't njonken de boat lei wie fuort. De eigner hat oanjefte dien.