Rêstige stappersjûn Snits

08 aug 2007 - 10:28

De tradysjonele stappersjûn yn de Snitswike is tiisdeitenacht relatyf rêstich ferrûn. Nei skatting fan de plysje fierden 30.000 minsken feest yn de stêd.

Likegoed moast de plysje út en troch wol optrede. In jonge út Blaricum goaide in bank yn it wetter, in Ljouwerter wie balstjurrich op de Nauwe Noorderhorne en dêr waard ek in 19-jierrige Skearnegoutumer oanhâlden. Hy hie in Snitser mei de dea bedrige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)