Sjarzjes yn Surhústerfean

08 aug 2007 - 10:23

De plysje hat tiisdeitenacht mei sjarzjes in ein makke oan fjochtpartijen yn Surhústerfean. Nei ôfrin fan de profronde wie it ûnrêstich yn kafees oan de Grinzerstrjitte en op strjitte sels.

Mei in megafoan joech de plysje it publyk opdracht him te fersprieden, mar dat holp net. De plysje hat dêrop sjarzjes mei wapenstok en hûnen útfierd. By de reboelje wiene fyftich jongeren belutsen, trije binne oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)