105de Freulepartij útein set

Nei de iepeningsseremoanje op de Terp by it byld fan de Freule is woansdei yn Wommels de 105de Freulepartij útein set mei 55 jongespartoeren. De seremoanje bestiet út de blomlizzing by it byld fan de Freule it spyljen fan it liet 'Wat in dei sa'n Freuledei'. Oanslutend rûn it selskip nei it keatsfjild achter it gemeentehûs.
Tsjummearum is de grutte favoryt foar de oerwinning fan de Freulepartij.