Bingel falt út klokketoer

© Omrop Fryslân
It is noch net dúdlik wannear't de bingel fan de tsjerkeklok fan de Grutte Tsjerke fan Warkum restaureard wurdt. Snein foel de ien meter lange geattenizeren bingel mei in soad leven út de grutte klok.
Nei alle gedachten is it each wêrmei't de bingel oan de klok siet, trochruske. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak. De kosten fan de reparaasje binne noch net bekend.