Contador wint Profronde

07 aug 2007 - 21:15

Alberto Contador wûn tiisdeitejûn de Profronde fan Surhústerfean. De Spaanske winner fan de Tour de France naam yn de slotronde ôfstân fan Danilo di Luca, dy't twadde waard en fan Pieter Weening. De Harekiet waard lykas ferline jier tredde. Weening ried in skoft op kop mei Contador en di Luca, mar moast yn de lêste ronde dochs belies jaan.

De Profronde yn in wiet Surhústerfean luts dit jier in soad minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)