Auto by Doanjum yn de sleat

07 aug 2007 - 18:04

Op de Tsjummearumerwei krekt foar Doanjum is tiisdeitemiidei oan it ein fan de middei in persoanenauto mei trije minsken der yn oer de kop slein en yn de sleat terjochte kaam.

Twa ynsittenden koene op eigen gelegenheid út de auto komme. De tredde persoan is troch de brânwacht út de auto helle en is nei it sikehûs brocht. De auto is nei alle gedachten mei in tsjil yn de berm kaam en troch in stjoerkorreksje oer de kop slein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)