Doek falt foar miniatuerpark

It doek falt foar it miniatuerpark yn Appelskea. Der komme te min minsken.
It doek falt foar it miniatuerpark yn Appelskea. Pieter Jasper hat de boel ferkocht. Der komme fierstente min minsken.
It park is kocht troch ûntwikkelder De Eendracht fan de Gordyk. Wat dy dermei dwaan sil is noch net dúdlik. It moat wol in toeristyske funksje hâlde. De miniatueren wurde ûnderferdield yn oare parken. Jasper hat gjin ferklearring foar it gebrek oan besikers.