Man stekt syn frou mei mes
In 55-jierrige Kollumer is snein oanholden om't er syn frou mei in mes yn 'e hân stutsen hat. De frou rekke dêrby ferwûne en moast mei in ambulânse nei it sikehûs.
Har man is oanholden foar húslik geweld en oerbrocht nei it plysjeburo. Hy sit fêst.