Strânbyb Makkum tefreden

06 aug 2007 - 20:11

De biblioteek Súdwest Fryslân is oan't no ta tefreden oer de strânbiblioteek op it strân by Makkum.

Yn de spesjale biblioteektinte kin fergees in boek of tiidskrift liend wurde. Ferline wike hawwe sa'n 600 strân- en kampinggasten in besite oan de strânbyb brocht. De útlien oan it Iselmarstrân is in proef dy't twa jier duorret. Mocht de proef in sukses wêze dan krije mooglik mear Iselmarplakken in festiging.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)