De Vries wint IFKS Starum

06 aug 2007 - 16:54

De wedstriid by Starum fan de IFKS wie in nuverenien. Nei trije kertier silen draaide de wyn en moast de rûte der oars ynlein wurde. In oere en in falske start letter koenen de skûtsjes wer starte. Mar dy wedstriid waard ynkoarte fanwegen swiere buien wie it net ferstannich de rûte út te silen.

Walter_de_Vries mei De Goede Verwachting út Sleat kaam as earste oer de streek. Twad waard Siebo_Zijsling mei Striidber út Drylts.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)