Finansjele strop foar Spangea

Opera Spangea hat te min besikers lutsen om út de kosten te kommen
Opera Spangea hat dit jier in flinke finansjele strop troch tsjinfallende besikersoantallen. De produksje fan takom jier sil dêrtroch mei beheinde finansjele middels makke wurde moatte.
Yn Spangea waard dit jier in opera spile en in film toand. Der ha 2300 besikers west. De opera hie 3000 besikers nedich om út de kosten te kommen. Mooglik wie de tagongspriis fan 60 euro te heech. De priis is letter ferlege.