Animo foar projekt grouwe bern

06 aug 2007 - 14:02

Al tsientallen bern ha har oanmelden by de thússoarch en de GGD om't se te dik binne. De Friese Wouden hat in spesjaal projekt opset om bern mear bewege te litten.

Ut ûndersyk docht bliken dat op guon skoallen yn groep sân wol ien op de fiif bern te grou is. De bern en har âlden krije trije kear in gesprek mei in saakkundige. Dan krije se advys oer iten en bewege. As it nedich is, wurde se trochferwiisd nei spesjalisten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)