Di Luca ek by Profronde

Di Luca komt nei Surhústerfean
Danilo di Luca docht tiisdeitejûn mei oan de Profronde fan Surhústerfean. De Italjaan is noch frege om't Michael Boogerd net komme koe. Hy hie oare ferplichtingen.
Di Luca wûn Luik-Bastenaken-Luik en de Giro d'Italia. Hy stiet boppe-oan de wrâldranglist fan de UCI. It fytsspektakel begjint om 19.00 oere en is streekrjocht te folgjen op Omrop Fryslân Radio.