'Nijbou MFC net opdringe'

06 aug 2007 - 12:32

It bestjoer fan Nijefurd moat ophâlde de Warkumers it nije multyfunksjonele sintrum tsjin har sin op te dringen. Dat fine FNP en Grienlinks.

Trije basisskoallen, de byb en swimbad, pjutteboartersplak, sporthal en kultureel sintrum soene yn ien nij kompleks komme moatte. Ut in enkête fan Pleatslik Belang kaam earder dat mear as de helte fan de Warkumers op it nijbouplan tsjin is. Arsjitekten binne frege in skets te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)