Bekeurings by Lauwersmar

06 aug 2007 - 10:09

Op en om de Lauwersmar hinne hat de plysje fan it wykein 20 minsken bekeurd. Guon fiskers hiene net de goede papieren of fisken mei tefolle angels en libben aas.

Ek foar it ûntbrekken fan farbewizen, saneamde dodemansknoppen, rêdingsfesten of brânblussers oan board moast de plysje optrede. Ien skipper waard bekeurd om't er 60 km yn de oere fear, wylst mar 12 km yn de oere tastien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)